Trui Jentink

Geertruida Christine Stellingwerf-Jentink (Nijlân, 9 july 1852 - Ljouwert, 12 july 1918) wie in dûmnysdochter en sjoernaliste.

Nei har boaskjen op 7 desimber 1884 mei Oebele Stellingwerf waard se in fûleindich propagandiste foar hielûnthâlding, froulju-emansipaasje en sosjale herfoarmingen. Sa wurke se mei oan it Frysk Folksblêd en spruts faak. Nei de dea fan har man yn 1897 wie hja ('it krantewyfke') ûnder oaren redakteur fan it Frysk Wykblêd tusken 1900-1909.

Literatuer

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok en M. Wiegersma, red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Stellingwerf-Jentink, Geertruida Christine .
  • Friesch Landbouwblad - 24 desimber 1938
  • M.Braaksma yn Geertruida Christina Stellingwerf-Jentink, Hwêrom Rinkje nei de thé gjin slokje ha woe (1941)