State of Illinois
Vlag van Illinois Gjin wapen
Ofkoarting IL
Haadstêd Springfield
Tiidsône -6
Algemien
Oerflakte 149.998
Befolking 12.713.634
Oare ynformaasje
Tatreden 3 desimber 1818
Oantal countys 102
Dizze side giet oer de Amerikaanske steat Illinois. Foar oare betsjuttings, sjoch: Illinois (betsjuttingsside).

Illinois is in steat yn de Feriene Steaten fan Amearika. De haadstêd is Springfield.

Skiednis

Illinois is ferneamd nei in Yndianestam en waard op 3 desimber 1818 de 21e steat fan de Feriene Steaten.

Tidens de Amerikaanske Boargeroarloch hearde Illinois ta de Uny.

Geografy

De steat Illinois is 149.998 km² grut en leit yn de Sintral-tiidsône. It heechste punt is de pyk fan Charles Mound (376 meter). Yn it noarden grinzet it gebiet oan de Michiganmar (Grutte Marren) en de steat Wiskonsin, yn it westen oan Iowa en Missoury en yn it easten oan Indiana en Kentucky.

De hiele westgrins wurdt foarme troch de rivier de Mississippy. Dwers troch de steat rint de rivier de Illinois, dy't yn de Mississippy útmûnet. Dy útrin is tige breed.

Nijsgjirrichheden

Fierwei de grutste attraksje is Chicago, mei har musea, wolkenskrabers, arsjitektuer, de Michiganmar en de direkte omjouwing.

Oare Nijsgjirrichheden binne:

Yn de haadstêd Springfield stiet it hûs fan presidint Abraham Lincoln. Yn Tampico is ek it bertehûs fan de eartiidske presidint Ronald Reagan iepen foar publyk.

Illinois beskikt oer in grut oantal steatsparken, wêrûnder it Starved Rock Park oan de Illinois rivier. Yn dat park leit in heuvel dêr't Yndiaanske stammen tsjin mekoar fjochten hawwe.

Keppeling om utens

 
             Feriene Steaten
Flagge fan de Feriene Steaten
steaten
Alabama • Alaska • Arizona • Arkansas • Delaware • Fermont • Firginia • Floarida • Georgia • Hawaï • Idaho • Illinois • Indiana • Iowa • Kalifornje • Kansas • Kentucky • Kolorado • Konettikut • Louisiana • Maine • Marylân • Massachusetts • Michigan • Minnesota • Mississippy • Missoery • Montana • Nebraska • Nevada • Nij-Hampshire • New York • Nij-Jersey • Nij-Meksiko • Noard-Dakota • Noard-Karolina • Ohio • Oklahoma • Oregon • Pennsylvania • Rhode Island • Súd-Dakota • Súd-Karolina • Teksas • Tennessee • Utah • Washington • West-Firginia • Wyoming • Wiskonsin
ûnynkorporearre territoaria
Amerikaanske Famme-eilannen • Amerikaansk-Samoä • Gûam • Noardlike Marianen • Porto Riko
federaal distrikt
Distrikt Kolumbia
41° 16' 41" N, 88° 22' 48" W