Richard Schickel
persoanlike bysûnderheden
echte namme Richard Warren Schickel
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 10 febrewaris 1933
berteplak Milwaukee (Wisconsin)
stoarn 18 febrewaris 2017
stjerplak Los Angeles (Kalifornje)
etnisiteit Dútsk
Nederlânsk
wurkpaad
berop/amt sjoernalist, dokumintêremakker
aktyf as publisist, filmkritikus,
filmhistoarikus, literatuerkritikus
jierren aktyf 19602017
offisjele webside
www.richardschickel.com (argivearre)

Richard Schickel (folút: Richard Warren Schickel; Milwaukee, 10 febrewaris 1933Los Angeles, 18 febrewaris 2017) wie in foaroansteand Amerikaansk sjoernalist, filmkritikus, filmhistoarikus, literatuerkritikus, publisist en dokumintêremakker.

Libben en karriêre

Komôf en oplieding

Schickel waard yn 1933 berne yn Milwaukee, yn 'e Amerikaanske steat Wisconsin, as de soan fan Edward John Schickel en Helen Hendricks. Hy wie fan mingd Dútsk en Nederlânsk etnysk komôf. Hy folge in sjoernalistike oplieding.

Karriêre

Fan 1965 oant 2010 wie Schickel as filmkritikus en literatuerkritikus ferbûn oan it tydskrift Time. Yn dyselde snuorje skreau er (oer deselde ûnderwerpen) ek foar it tydskrift Life en foar it Book Review-katern fan 'e krante de Los Angeles Times. Nei 2010 skreau er filmresinsjes foar Truthdig.

Schickel wie de auteur fan in grut tal biografyen fan grutheden út 'e filmyndustry fan Hollywood, ûnder wa akteurs as Woody Allen, Marlon Brando, James Cagney, Gary Cooper, Clint Eastwood, Douglas Fairbanks sr., Cary Grant en Harold Lloyd, en filmmakkers as D.W. Griffith, Elia Kazan en Steven Spielberg.

Hy wie ek aktyf as dokumintêremakker, en wie as senarist belutsen by de produksje fan ferskate efter-de-skermendokumintêres oer Star Wars. Fierders wurke Schickel as gastdosint oan 'e Universiteit fan Yale yn New Haven en de Universiteit fan Súdlik Kalifornje yn Los Angeles.

Ferstjerren

Schickel kaam yn 2017, acht dagen nei syn 84e jierdei, te ferstjerren yn Los Angeles, nei't er troffen wie troch in mearfâldige oerhaal.

Publikaasjes

Dokumintêres

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.