Prins Bernhard mei de Anjer op
Karel van der Hucht hat de sulveren Anjer krigen yn 2003

De “Sulveren Anjer“ is in ûnderskieding dy’t jierliks útrikt wurdt oan persoanen fan ûnbesprutsen heitelânsk gedrach, dy’t in fertsjinste hân hat foar de Nederlânske kultuer of dy fan de Nederlânske Antillen.

Skiednis

Op 29 juny 1940, de earste jierdei fan S.K.H Prins Bernhard fan de Nederlannen yn besettingstiid, waard protestearre tsjin de Dútske besetting. It protest utere him yn it dragen fan in anjer yn it knoopsgat. Dizze dei soe letter ferneamd wurde as de ‘Anjerdei’. Tsien jier letter beslueten de regint en it bestjoer fan it Prins Bernhard Kultuerfûns om in ûnderskieding yn te stellen as blyk fan wurdearring foar persoanen fan ûnbesprutsen heitelânsk gedrach en dy’t har belangeleas ynsetten hawwe foar de Nederlânske kultuer of dy fan de Nederlânske Antillen.

De ûnderskieding waard elts jier om de jierdei fan de Prins hinne, troch himsels oan maksimaal fiif persoanen útrikt. Nei syn dea hat Keninginne Beatrix dizze taak fan har heit oernaam.

Oarkunde

By de ûnderskieding heart in oarkunde dy’t ûndertekene wurdt troch de foarsitter fan it fûns en de sekretaris fan de Sulveren Anjer. Op de oarkunde stiet it beslút, de redenen om it te jaan. De finansjele grûnslach foar de Sulveren Anjer waard foarme troch it legaat fan de geheim agint Thijs Taconis, dy’t yn septimber 1944 yn Mauthausen deasketten waard. Thijs Taconis wurdt yn de oarkunde memorearre mei de wurden Quae Thijs Taconis - mortuus pro patria anno MCMXLIV legavit pro fundamento sunt (dit betsjut: wat Thijs Taconis, ferstoarn foar it heitelân yn 1944 neilitten hat, foarmet de grûnslach).

Medalje

Earste type (1950-1954)
De earste foarm wie in klokfoarmige sulveren medalje. Op de foarside stie in Anjer ôfbyld, mei op de stâle in B fan Bernhard. Lâns dit tafriel yn in útsparre râne, oan wjersiden stippellinen. Lâns de ûnderside rûn in lint mei dêrop de tekst Tua res agitur ('It giet om jo saak'). De medalje wie mei it lint ferbûn troch in keninklike troan.

It lint wie giel mei oan wjersiden in smelle reade baan. Giel en read binne de kleuren fan it Hús Lippe.

Twadde type (1954-hjoeddei)
Dit is in sulveren medalje yn de foarm fan in reade emalje heraldyske roas. De roas is dy fan it wapen fan it hús fan Lippe. Op de foarside is in kroande stilearre anjer ôfbyld, dêr't de B fan Bernhard ûnder stiet. It omskrift is Tua res agitur (It giet om Jo saak). De kearside is flak.
Fan dit type binne ek miniatueren bekend. Dy wike of fan it model krús. De foarside fertoant in B wêrboppe in stilearre anjer stiet. It lint is oranje mei oan wjersiden in smelle reade baan. Oranje stiet foar it hús fan Oranje en read foar it hús fan Lippe.

Laureaten

1950-1959

1950

1951

1952

1953

1954

1955

1956

1957

1958

1959

1960-1969

1960

1961

1962

1963

1964

1965

1966

1967

1968

1969

1970-1979

1970

1971

1972

1973

1974

1975

1976

1977

1978

1979

1980-1989

1980

1981

1982

Dokumintaasje, skonk yn 1948 syn samling skaak- en damboeken, yn totaal 7.000 titels oan de steat der Nederlannen, de kolleksje waard opnaam yn de keninklike biblioteek.

1983

1984

1985

1986

1987

1988

1989

1990-1999

1990

1991

1992

1993

1994

1995

1996

1997

1998

1999

2000-

2000

2001

2002

2003

2004

2005

2006

2007

2008

2009

Sûnt 2010

2010
2011
2012
Utrikking fan de Sulveren Anjer yn 2012, Neeltje van der Ven Blonk, Clemens van der Ven, Keninginne Beatrix
2013
2014
2015
2016
2017
2018
2019

2020-2029

2020
2021