Sir Walter Scott troch Sir Henry Raeburn

Sir Walter Scott, 1st baronet, (Edinboarch, 14 augustus 1771 - Abbotsford, 21 septimber 1832) wie in Skotsk dichter en skriuwer fan Histoaryske romans. Syn roman Ivanhoe wie de earste populêre histoaryske roman.

Bernetiid

Walter Scott is berne yn Edinboarch, as soan fan advokaat Robert Scott, yn College Wynd, in ferfallen part fan de Old Town. It libben dêr wie net sûn, de bernestjerte dêr wie heech.

As jonkje fan 8 krige Walter polio mei as gefolch in bliuwende ferlamming fan de rjochter skonk. Foar syn opbetterjen waard er nei syn pake en beppe op Sandyknowe Farm yn Smailholm, Roxburghshire stjoerd (1773). Syn beppe fertelde spannende ferhalen út de Skotske skiednis en lies him foar út âlde Skotske balladen. Muoike Jenny ûnderwiisde him lêzen en skriuwen. Ut en troch reizge Walter nei Bath en Prestonpans foar wetterkueren.

Studint

Yn 1778 kaam Walter wer yn Edinboarch, benammen om goed ûnderwiis folgje te kinnen. Hy gie nei in privaatskoalle. Yntiid wiene syn âlden ferhuze nei de nije wyk George Square dêr't se in rom hûs kocht hienen. Dat bleaun Walter syn thús oant syn houlik.

Efkes letter studearre hy ek al rjocht oan de Universiteit fan Edinboarch en kaam as learling by syn heit yn de praktyk. Doe't er 22 jier wie waard er beëdige as advokaat.

Leafde

Walter Scott syn earste grutte leafde wie Williamine Belscher. Hja wie fan rike adel. Oft sy ek fan him hâlden hat is ûnwis. Uteinlik hat se foar Sir William Forbes fan Pitsligo keazen, al wie it mar om't se oars fier ûnder har stân trouwe moatten hie. Om dy reden ôfwiisd te wurden hat Scott lange tiid in protte fertriet fan hân en hy hat him yn dy tiid synysk útlitten oer it houlik-út-leafde.

Hy troude mei Margaret Charlotte Charpentier (Lyon, desimber 1770 - 15 maaie 1826) op 24 desimber 1797 yn St Mary's Church yn Carlisle. Al nei trije wiken ferkearing hie er om har hân frege. Hy moete har doe't er mei syn broer John troch it Lake District. (Cumberland) reisge. It wie in lokkich houlik. Se krigen twa bern: Charlotte Sophia (24 oktober 1799) en Walter (28 oktober 1801).

Op 16 desimber 1799 waard er beneamd as Sherrif Depute fan Selkirkshire. Dy funksje frege syn oanwêzigens fan july oant novimber. Yn 1804 sette hy him ta wenjen yn Selkirk.

Skriuwer

Walter hie altyd al in soad lêzen neist skoalle, mar doe't er 25 jier wie begûn er sels serieus mei de skriuwerij neist syn wurk as advokaat.
Yn 't earstoan sette hy balladen en ferhalen út it Dútsk oer. Eigen wurk lykas The Minstrelsy of the Scottish Border waard goed ûntfongen, mar The Lay of the Last Minstrel (1805) wie in grut súkses.

Yn 1811 kocht er Cartly Hole Farm oan de rivier de Tweed by Melrose. Hy moast der alle jild foar liene. Fan 1816 - 1824 realisearre hy dêr Abbotsford, in hearehûs yn Ingelske Baronian Style.

Wilens wie er in begoedige man troch it súkses fan syn earste wurken, benammen The Lady of the Lake (1820). Hy waard in grut samler fan histoaryske boeken, âlde Skotske balladen, wapens, harnassen en oare histoaryske reliken. Op de ein fan syn libben hie er mear as 9000 boeken op Abbotsford.

Abbotsford House

Mei it ferskinen fan de histoaryske roman Waverly (1814) bruts in nije faze fan syn skriuwerskip oan. Scott wie yn 't earst tige benaud foar ôfwizing troch lêzers en kritisy, dat hy publisearre ûnder pseudonym. Hy hat ferskate skûlnammen brûkt, mar as Skriuwer fan Waverly waard er ferneamd. It hat oant 1827 duorre ear't h er ûnder eigen namme publisearre doarde, wylst de measte minsken doe al lang op de hichte fan syn identiteit wiene.

Walter Scott wurdt wol ien fan de earste ynternasjonale auteurs neamd. Hy hie lêzers yn Grut Brittanje, Kanada, Austraalje, West- en East Jeropa en ûnderhâlde kontakten mei bûtenlânske kollegas. Syn ynfloed op bûtenlânske skriuwers stiet net yn 'e kiif en men moat sizze dat troch him de skiednis fan Skotlân 'op de kaart' set is yn 19e-iuwsk Jeropa.

Ivanhoe

Benammen Scott's roman Ivanhoe (1820) wie de oanset ta in hiel nij sjênre yn de literatuer: de histoaryske roman. Earst dêrnei ferskynde De Schaapsherder fan Jan Frederik Oltmans, De Leeuw van Vlaanderen fan Hendrik Consciënce, Robin Hood le Proscit en Les Trois Mousquetaires fan Alexandre Dumas de Aldere. Ivanhoe is ferskate kearen ferfilme en der binne tillefyzjesearjes fan makke. U.o.:

Neitins

Scott monumint út it easten wei sjoen

Nei syn ferstjerren hat Sir Walter Scott in tombe krigen op it terrein fan Dryburgh Abbey (ek oan de Tweed) yn de Scottish Borders dêr't er sa fan hâlden hie.

In blyk fan populêrens wie it iepenstellen fan Abbotsford foar it publyk mar trije jier nei syn dea. It museum wurdt jierliks troch tûzenen besocht. Yn Edinboarch stiet it mânske Scott Monument ta syn eare. It is boud tusken 1841 en 1845. In 64 nissen steane stânbylden fan personaazjes út syn wurk. De ferfilmingen fan Ivanhoe yn de 20e iuw hawwe der och sa foar soarge dat de namme Walter Scott bekend bleaun is by in grut publyk.

Moderne lêzers fine syn wurk faak dreech en wiidweidich, in lot dat er dielt mei mear 19e-iuwske skriuwers, lykas Charles Dickens en Anthony Trollope yn Ingelân en Jacob van Lennep, Bosboom-Toussaint en Willem Bilderdijk yn Nederlân. De measte lêzers fan Walter Scott moatte tsjintwurdich socht wurde oan de universiteiten.

Sitaat

Breathes there the man, with soul so dead,
Who never to himself hath said,
This is my own, my native land!
út The Lay of the Last Minstrel troch Walter Scott

Oh! what a tangled web we weave
When first we practise to deceive!

út Marmion, Canto VI. Stanza 17. troch Walter Scott

List fan wurken

In kar.

(P. = poëzij)

Keppeling om utens

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Walter Scott fan Wikimedia Commons.