Teuderik II wurdt opfolge troch syn minderjierrige bastertsoan Sigebert II. Teuderik syn beppe Brunhilde treedt op as regintesse, mar har autoritêre gedrach foar de Austrasyske aristokrasy oer set kweabloed.
Pepyn fan Landen, Arnulf fan Metz en hofmeier Warchenar fan Boergonje liede in aristokratyske rebûlje tsjin Sigibert II en Brunhilde. De opstannelingen wurde bûngenoaten mei Klotharius II fan Neustrje. Meiïnoar ferslagge sy de troepen fan Sigibert en Brunhilde by de Aisne, Sigibert en Brunhilde wurde deadien.
It Frankenryk wurdt ferienige ûnder kening Klotarius II fan de Merovingers. Yn Andernach wurdt in ferdrach sletten; de autonomy fan Austraasje en de liedende rol fan de Austrasyske adel wurde fêstlein.
Cadfan ap Iago folget Iago ap Beli op as kening fan Gwynedd.