In breid en brêgeman op harren brulloft.

In brulloft of in trouwerij is in feest dat fierd wurdt as twa minsken in houlik mei-inoar slute. Dêrby giet it meastal om in man en in frou, mar sûnt de ynfiering fan it homohoulik kinne it ek twa manlju of twa froulju wêze. De beneaming 'brulloft' wurdt ek wol brûkt om alle rituëlen mei oan te tsjutten dy't op 'e troudei plakfine. De tradysjes en brûkmen dy't mank geane mei in brulloft ferskille sterk per kultuer, lân, religy, sosjale klasse en etnisiteit. Oer it algemien kin steld wurde dat der troch de breid en brêgeman frijwol altyd trou-ûnthjitten útwiksele wurde, en faak ek ûnderlinge jeften (ringen, blommen, jild). Neitiid wurdt it houlik bekendmakke troch immen dy't beklaaid is mei in beskaat gesach. Fierders draacht men yn 'e regel de ferklaaiersklean, net inkeld it breidspear, mar ek de gasten. De houliksseremoanje wurdt faak folge troch in feest foar de gasten.

Brulloften yn Fryslân

Yn Fryslân bestiet in trouwerij ornaris út 'e folgjende ûnderdielen:

Alderwetske troufoto. Spanje, 1935.

Kosten

De kosten fan in brulloft kinne sterk útinoar rinne. De sporadyske breidspearen dy't har brulloft yn 'e foarm fan in barbecue mei freonen en neiste famyljeleden hâlde binne datoangeande tige goedkeap út. In ienfâldige brulloft neffens de boppeneamde gewoanten, troujurk en notariskosten foar it opmeitsjen fan houliksbetingsten ynbegrepen, kostet al gau €15.000. Guon lju jouwe dat bedrach allinnich al út oan 'e troujurk. Oant yn 'e 1970-er jierren wie it wizânsje dat de heit fan 'e breid de kosten fan 'e brulloft op him naam. Dêr kaam in ein oan trochdat de measte breidspearen fan dy tiid ôf foarôfgeande oan 'e trouwerij al gearwennen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.