Tsumkwe, in doarp yn Namybje
Doarp yn Benyn
Blije in terpdoarp yn Noardeast-Fryslân
De brink fan Feankleaster in Iesdoarp yn Noardeast-Fryslân

In doarp is in delsetting dêr't in tal fan huzen byelkoar stiet en de bewenners brûkme meitsje fan in tal fan mienskiplike foarsjennings.

Funksje

Yn Fryslân wie de âldste mienskiplike foarsjenning de beskerming tsjin it wetter, de terp. Terp is dan ek fan oarsprong in wurd foar doarp. Yn de Roomske tiid waard it ûnderskied tusken in buorskip en in doarp of it plak in tsjerke hie. It ûnderskied mei in flekke wie dat in flekke mear rjochten hie, benammen merkrjocht. It doarp wie in gearstallend part fan de gritenij; de himriken fan de doarpen foarmen tegearre it gebiet fan de gritenij, en de doarpsfolmachten foarmen de gritenijrie.

Doarpsrjocht

It doarpsrjocht is likemin ôfhinklik fan it ynwennertal as it stedsrjocht, Guon doarpen waakse út ta, wylst oare krimpe, mar dit hat op himsels gjin ynfloed op it doarpsrjocht. In inkelt kear is in doarp sa lyts wurden dat it in buorskip mei doarpsrjocht waard, lykas Kleaster Lidlum. It is ek alris bart dat in gemeente it doarpsrjocht weinaam hat. Mar foar it meastepart bliuwt in lyts doarp in doarp oant it de lêste ynwenner kwytrekket.

Type

Der binne ferskate typen fan doarpen, lykas:

Oare siden

In tsjinstelling ta oare dielen fan Nederlân, hawwe Fryske doarpen harren eigen wapenskild. Mear hjiroer op:

http://www.ngw.nl/dorpwap.htm