Heroic Hearts | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Jim Butcher en Kerrie L. Hughes (red.) | |
taal | Ingelsk | |
foarm | ferhalebondel | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 2022, New York | |
oarspr. útjwr. | Ace Books | |
kodearring | ||
ISBN | 978-0 59 30 99 186 |
)) Heroic Hearts is in blomlêzing yn 'e foarm fan in ferhalebondel, gearstald troch de Amerikaanske redakteuren en skriuwers Jim Butcher en Kerrie L. Hughes. De titel betsjut letterlik "Heldhaftige Herten". It boek omfettet 12 koarte ferhalen fan it fantasysjenre oer lju dêr't men net fan ferwachtsje soe dat se heldhaftich binne (mar dat binne se dochs). De ferhalen binne skreaun troch foaroansteande auteurs as Anne Bishop, Patricia Briggs, Charlaine Harris en Butcher sels.
Alle ferhalen út Heroic Hearts waarden yn dizze bondel foar it earst publisearre, hoewol't se wierskynlik letter troch de respektivelike skriuwers op 'e nij útjûn wurde sille yn eigen ferhalebondels. Heroic Hearts waard yn 2022 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Ace Books en opdroegen oan 'e yn novimber 2020 oan kanker ferstoarne skriuwster Rachel Caine.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|