Jarich Hoekstra mei Harke Bremer

Jarich Freark Hoekstra (Hitsum, 17 febrewaris 1956) is in Frysk skriuwer en oersetter.

Libben

Hoekstra studearre Frysk en Noarsk oan de universiteit fan Grins.

Sûnt is er 1999 heechlearaar yn de Fryske taal- en letterkunde oan de Universiteit fan Kiel, dêr't er him ek mei de ferskate Noard-Fryske dialekten dwaande hâldt dy't foar in part op útstjerren steane. Hy docht in soad yn de mande mei Harke Bremer fan Kampen.
Op 17 septimber 1996 krige Hoekstra mei Harke Bremer fan de provinsje Fryslân de Obe Postmapriis. Dy priis bestiet út in oarkunde mei in jildbedrach. Se krigen dy priis foar de bêste oersetting út in oare taal yn it Frysk fan de foarôf geande trije jier. Beide oersetters krigen de priis foar har Fryske oersetting fan Bommelferhalen út it Nederlânsk. Beide manlju makken ek oersettings fan Kaptein Rob en Asterix yn it Frysk.

Bibliografy (mei Harke Bremer)

proaza
poëzij
oersettings fan stripboeken
literêre oersettings

Wittenskiplike publikaasjes

Prizen

Keppelings om utens