Johan Veenstra
skriuwer
Johan Veenstra foar syn âldershûs yn Nijeholtpea
Johan Veenstra foar syn âldershûs yn Nijeholtpea
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 6 jannewaris 1946
berteplak Wolvegea
reg. identiteit Stellingwerfsk
wurk
taal Stellingwerfsk
sjenre Gedicht, roman, koart ferhaal, kollumn
prizen sjoch tekst

Johan Veenstra (Wolvegea, 6 jannewaris 1946) is ien fan de bekendste Stellingwerfske skriuwers. Hy skriuwt Stellingwerfske dichtbondels, ferhalen en romans. Johan Veenstra is berne yn de Wolvegea, mar hat syn hiele libben yn Nijeholtpea wenne. Njoggen jier lang skreau en spruts er kollums (Stellingwarver Stiekelstokkies) foar Omrop Fryslân radio. Hy skriuwt no kollums foar de Ljouwerter Krante.

Johan Veenstra is yn 2001 beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau, foar syn wurk yn en foar it Stellingwerfsk. Yn 2020 wûn Veenstra de Rink van der Veldepriis. Hy krige de priis foar syn boek Vroeger is veurgoed veurbi'j. It wie foar it earst dat de priis takend waard foar in boek dat yn in streektaal skreaun is. Yn maart 2021 waard Veenstra beneamd ta eareboarger fan de gemeente Weststellingwerf.

Boeken

Prizen en ûnderskiedings

Keppelings om utens