Margaretha Grosser mei Die litje Prins

Margaretha (Gretchen) Grosser (Roomelse, 20 septimber 1934 - 20 july 2019[1]) wie in Sealterfryske skriuwster en oersetter.

Hja begûn mei Sealterfryske stikken yn de regionale krante, de General Anzeiger. Letter publisearre se ek boeken yn it Sealterfrysk dêr't de rige ferhalebondels Dööntjen un Fertälstere uut Seelterlound it meast bekend fan binne. Hja skriuwt lytse ferhalebondels en poëzij mei út en troch lieten.

Yn 2009 en 2010 hat Gretchen Grosser de berneboeken Die litje Prins (De Lytse Prins) en Tuusterpäiter (Smoarge Piter) nei it Sealterfrysk oerset; yn 2011 sil hja it boek "Das fliegende Klassenzimmer" fan Erich Kästner nei it Sealterfrysk oersette.

Frou Grosser stoar yn de âldens fan 84 jier.

Wurk

Grosser (lofts) mei Gesina Lechte-Siemer.

Sjoch ek

Ferwizing

Ofbylden

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: