Raard | ||
Doarpsterp mei Jehannestsjerke | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Noardeast-Fryslân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 205 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 3,28 km² - lân: 3,22 km² - wetter: 0,06 km² | |
Befolkingsticht. | 65 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 19' N 5° 56' E | |
Offisjele webside | ||
Side Raard | ||
Kaart | ||
Raard is in doarp dat yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Raard leit noardlik fan Sibrandahûs, eastlik fan Lichtaard, westlik fan Boarnwert en besuden Foudgum. Raard hat 205 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners. De doarpskearn fan it doarp leit op de terp fan Raard.
Fanâlds wurdt Raard rekkene ta de Holwerter Seis.
Raard is in âld doarp. Der wurdt tocht dat hjir al inkele iuwen foar it begjin fan de jiertelling minsken wenne hawwe. De terp is foar in part ôfgroeven. Oan de noardkant, by de om 1870 hinne oanleine Van Kleffenswei nei Lichtaard, is dat hiel dúdlik te sjen. Der kaam sa romte foar in iisbaan. Raard kin ferskate betsjuttings hawwe: it kin 'reade terp' betsjutte; oaren tinke oan it âlde Fryske wurd 'hrriäd' dat yn it Nijfrysk 'reid' betsjut: 'reidterp'. In mooglikheid is ek Runwerd, wat 'beskutting tsjin it rinnende wetter' betsjutte kinne soe. It soe ek noch kinne dat de namme ôflaat is fan it wurd 'rad' dat folksgearkomste betsjut. Dat soe der op wize kinne dat der in âlde tiden rjocht sprutsen waard yn Raard. [boarne nedich]
De âlde doarpstsjerke wie wijd oan Jehannes de Doper. De toer is yn 1807 boud. De tsjerke sels is romaansk en moat yn de 13e iuw boud wêze. It koar is it âldste part. Yn 'e tsjerke lizze grêfsarken en op it tsjerkhôf is in sark út 1662 fan Eelco Clasen toe Spryens.
De Raarder tsjerke is oerdroegen oan de Stifting Alde Fryske Tsjerken. Oant 2018 siet it OerKa Museum yn de tsjerke. De keunstneresse Irene Verbeek brûkte it gebou foar it eksposearjen fan har wurk.
Op 1 jannewaris 2013 waard de mienskip fan Raard troffen troch in slim ûngemak. Yn it tsjuster fan 'e nacht botste in auto op de minsken by de nijjiersbrân. Sa'n 13 minsken rekken ferwûne, dêr't ien fan yn it sikehûs ferstoar.
Sûnt 2019 leit Raard yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar lei it yn de gemeente Dongeradiel en foar 1984 lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente West-Dongeradiel.
Yn it doarpswapen komt it findel fan Jehannes de Doper foar, de patroanhillige fan Raard. De letter W en it klaverblêd binne oernommen fan it wapen fan de famylje Van Kleffens. De streek troch it wapen en de flagge tsjut oan dat Raard tsjin de grins fan de gemeente oan leit.
It doarpshûs hjit de 'Nije Pôle', it wurdt brûkt troch de feriening foar Doarpsbelang Boarnwert-Raard.
De PKN-gemeente Meiïnoar Ien Raard-Foudgum e.o. makket gebrûk fan de eardere grifformearde Marthatsjerke, dy't yn 1916 boud waard neffens in ûntwerp fan Ane Nauta. De eardere herfoarme tsjerke wurdt net mear brûkt foar de earetsjinst en waard oerdroegen oan de Stifting Alde Fryske Tsjerken.
Jier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2004 | 2013 | 2014 | 2015 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 211 | 180 | 177 | 206 | 194 | 240 | 225 | 225 | 225 |
Jier | 2016 | 2017 | 2018 | 2019 | 2020 | 2021 | 2022 | ||
Ynwenners | 225 | 220 | 215 | 215 | 220 | 215 | 210 |
Bannerhûs, De Buorren, De Tange, It Fintsje, Lindeleane, Lytse Buorren, Spriens, Van Kleffenswei.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|