Star Trek: Short Treks | ||
tillefyzjesearje | ||
makkers | ||
ûntwikkele troch | Bryan Fuller Alex Kurtzman | |
útfierend produsint |
Alex Kurtzman Heather Kadin Akiva Goldsman Frank Siracusa John Weber Eugene Roddenberry Trevor Roth | |
tillefyzjestudio | Secret Hideout Roddenberry Entertainment CBS Studios | |
spilers | ||
haadrollen | ferskilt per diel | |
skaaimerken | ||
sjenre | science fiction | |
seizoenen | 2 (anno 2021) | |
jierren | 2018 – no | |
tal ôfl. | 10 (anno 2021) | |
spyltiid (ôfl.) | 8-18 min. | |
lân/lannen | Feriene Steaten | |
taal | Ingelsk | |
besibbe searjes | ● The Original Series ● The Next Generation ● Deep Space Nine ● Voyager ● Enterprise ● Picard ● Strange New Worlds |
Star Trek: Short Treks is in Amerikaanske tillefyzjesearje fan op harsels steande koarte tillefyzjefilms dy't ta de science fiction-franchise Star Trek hearre. De titel betsjut letterlik: "Stjerretocht: Koarte Tochtsjes", mar Short Treks is in wurdboarterij op it wurd trek út Star Trek en de sport 'shorttrack'. De films binne 8 oant 18 minuten lang, en de earsten kamen yn 2018 fia de streamingtsjinst CBS All Access fan it Amerikaankse tillefyzjenetwurk CBS beskikber om streamd te wurden. Anno 2021 rint de searje noch hieltyd.
Nei't de nije tillefyzjesearje Star Trek: Discovery, dy't yn 2017 foar it earst te sjen wie, in súkses bliek te wêzen, tekene tillefyzjeprodusint Alex Kurtzman yn juny 2018 in fiifjierrich kontrakt mei de CBS Studios om 'e Star Trek-franchise út te wreidzjen. In moanne letter kundige er op 'e San Diego Comic-Con Star Trek: Short Treks oan.
Star Trek: Short Treks waard betocht troch Alex Kurtzman en ûntwikkele troch Kurtzman en Bryan Fuller. De searje wurdt produsearre troch tillefyzjestudio's Secret Hideout, Roddenberry Entertainment en de CBS Studios ûnder tafersjoch fan Alex Kurtzman, Heather Kadin, Akiva Goldsman, Frank Siracusa, John Weber, Eugene Roddenberry en Trevor Roth as útfierende produsinten.
De dielen fan 'e rige hawwe in spyldoer fan tusken de acht en achttjin minuten; se steane op harsels binnen it Star Trek-hielal en hawwe ferskillende haadpersoanen. De opnamen fine plak yn Toronto, op 'e filmset fan 'e searje Star Trek: Discovery yn 'e Pinewood Toronto Studios. It earste diel fan seizoen 1 kaam op 4 oktober 2018 beskikber fia de streamingtsjinst CBS All Access (no Paramount+).
Anno 2021 rint de searje yn prinsipe noch altyd, hoewol't der yn 2020 gjin nije ôfleverings mear makke binne fanwegen de beheinings dy't te krijen hiene mei de koroanafiruspandemy. Der binne 2 seizoenen mei yn totaal 10 dielen makke, wêrûnder acht live-actionôfleverings en twa animearre ôfleverings.
De fjouwer dielen fan seizoen 1 leine har ta op it jaan fan in eftergrûn oan 'e haadpersoanen út Star Trek: Discovery. It twadde seizoen gie foar it meastepart oer de USS Enterprise ûnder it befel fan kaptein Christopher Pike. De lêste ôflevering fan it twadde seizoen foarme de yntroduksje fan 'e nije searje Star Trek: Picard.
Mei't de dielen fan Star Trek: Short Treks op harsels steane en allegear oare haadpersoanen hawwe, is in ienfoarmige rolferdieling foar de hiele rige net te jaan.
seizoen | tal ôfl. | rûn fan | rûn oant | streamingtsjinst |
---|---|---|---|---|
1 | 4 | 4 oktober 2018 | 3 jannewaris 2019 | CBS All Access |
2 | 6 | 5 oktober 2019 | 9 jannewaris 2020 |
Fan 'e tillefyzjekritisy krige Star Trek: Short Treks oer it algemien positive resinsjes, mar it publyk hie net folle belangstelling foar de koarte filmkes. Yn 2020 waard Star Trek: Short Treks nominearre foar in Emmy Award, de wichtichste Amerikaanske priis op it mêd fan 'e tillefyzje, yn 'e kategory bêste komeedzje- of dramasearje (koarte foarm).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |