Klaas Bruinsma
persoanlike bysûnderheden
echte namme Klaas Bruinsma
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 1 febrewaris 1931
berteplak Easterein (Fryslân)
stoarn 29 oktober 2018
stjerplak Drachten (Fryslân)
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt ûnderwizer, learaar Ingelsk &
   skiednis
aktyf as oersetter, dichter, skriuwer
jierren aktyf 1949 – 2018
reden
  bekendheid
oersettings fan 'e klassiken
   nei it Frysk
bekendste
  wurk(en)
de Ilias en de Odyssee
Lânwurk
Feroarings fan Stal
Sofoklês: Trije Trageedzjes
Rein de Foks
Marike fan Nijmegen
prizen dr. Obe Postmapriis 1993
dr. Obe Postmapriis 2005
Sulveren Anjer 2007
Klaas Bruinsma
skriuwer
wurk
taal Frysk
sjenre poëzij, non-fiksje
perioade 2e helte 20e iuw
bekendste
  wurk(en)
De Opstalbeam
Us Grutte Foarsjonger Gysbert Japix
jierren aktyf 1949 – no
offisjele webside
gjint

Klaas Bruinsma (Easterein, 1 febrewaris 1931 - Drachten, 29 oktober 2018)[1] wie in âld-ûnderwizer en -learaar Ingelsk en skiednis, dy't bekendheid krige troch syn oersettings fan histoaryske literêre wurken yn it Frysk. Hy wie ferantwurdlik foar in grut ferskaat oan fertalings út it Aldgryksk, Latyn, Midfrysk, Nederlânsk en Midnederlânsk, Dútsk, Ald-, Mid- en modern Ingelsk, Frânsk, Russysk, Skotsk en Spaansk. Dêrfoar waard oan Bruinsma twaris de dr. Obe Postmapriis takend en teffens waard er eare mei in Sulveren Anjer. Njonken syn wurk as oersetter wied er ek aktyf as dichter en as skriuwer fan non-fiksje.

Libben

Klaas Bruinsma waard berne te Easterein yn wat no de gemeente Súdwest-Fryslân is (doe Hinnaarderadiel), as it op ien nei jongste bern út it gesin fan in ryksfjildwachter. Bruinsma syn heit waard yn 'e Twadde Wrâldoarloch deportearre en kaam om yn 'e konsintraasjekampen, by wize fan represaillemaatregel om't de Dútsers syn âldste soan, dy't yn it ferset siet, net krije koene.

Nei de legere skoalle gie Bruinsma nei de MULO en folge ûnderwilens bylessen yn Aldgryksk en Latyn. Nei ôfrin fan 'e oarloch besocht er it Grifformeard Gymnasium yn Huzum (no it Kristlik Gymnasium Beyers Naudé) en dêrnei learde er fierder oan 'e Ljouwerter kweekskoalle. Hy stie in pear jier as ûnderwizer oan 'e legere skoalle, earst yn Spannum en doe yn Hidaard. Syn ferfangende tsjinstplicht ferfolle er as broeder yn in psychiatrysk sikehûs. Hy troude en ferfear yn 1960 mei syn frou nei Zoetermeer, dêr't er op 'e nij in oanstelling oan in legere skoalle krige.

Wylst syn húshâlding oanwoeks ta úteinlik fjouwer bern (Wike, Dukke, Winfried en Inne),[1] helle Bruinsma de akte Ingelsk, wêrmei't er yn 1963 in oanstelling oan 'e MULO yn Balk yn 'e wacht sleepte. Dêr bleau er tsien jier en doe ferhuze er nei Drachten, dêr't er fan 1973 oant syn pinsjoen yn 1986 learaar Ingelsk en skiednis oan it Ichtus Kolleezje wie. Underwilens wie syn houlik yn 'e earste helte fan 'e jierren tachtich op in skieding útrûn. Bruinsma wenne dêrnei oant 2003 te Aldemardum, mar gie doe wer werom nei Drachten.

Mids 2018, doe't er ûnderwilens op hege jierren wie, lei er trije dagen yn it sikehûs mei in akút koronêr syndroom (tichtslibbing fan 'e krânsslachier om it hert hinne).[2] Nei in perioade fan oanboazjende minnichte dy't einige mei palliative soarch yn Hospice Smelnehaven[1] yn syn wenplak Drachten, kaam Bruinsma op 29 oktober 2018 yn 'e âlderdom fan 87 jier te ferstjerren. [3]

Oersetter

Nei syn pinsjonearring lei Bruinsma him alhiel ta op it oersetten fan 'e klassiken út 'e wrâldliteratuer yn it Frysk. Hy hie dêr earder ek al út en troch mei oan 'e gong west, mar no hied er der foar it earst alle tiid foar. It wie leafdewurk, want in Frysk oersetter hoecht net te ferwachtsjen dat er wat foar al syn bodzjen kriget, lit stean dat er derfan libje kinne soe. Sterker noch, de útjefte fan Sofoklês: Trije Trageedzjes betelle Bruinsma út eigen bûse, oars soe it nea publisearre wêze. Oare bekende oersettings fan syn hân binne û.m. de Ilias en de Odyssee fan Homêros, Lânwurk fan Fergilius, Ovidius syn Feroarings fan Stal, en anonime Midsiuwske Nederlânske wurken lykas Marike fan Nijmegen, Béatrys en Karel en Elegast.

Bruinsma wurke út leafde foar de taal en út oertsjûging en ideälisme foar Fryslân. Yn in fraachpetear yn 2010 seid er dat er it die foar de status fan it Frysk as literêre taal: "In taal dy't serieus nommen wurdt troch de eigen sprekkers, moat oersettingen ha fan Homêros en de oare klassiken, sa ienfâldich is it."[3] Syn ynset waard yn 1993 beleanne mei de takenning fan 'e prestizjeuze dr. Obe Postmapriis foar Sofoklês: Trije Trageedzjes en de Kultuerpriis fan Gaasterlân-Sleat foar syn fertsjinsten op it mêd fan it Frysk yn it algemien. Tolve jier letter, yn 2005 wûn er op 'e nij de dr. Obe Postmapriis, diskear foar syn oersettings fan Gysbert Japix út it Midfrysk nei hjoeddeisk taalgebrûk yn it tinkboek Gysbert Japix: een Keuze uit Zijn Werk, en dêrnjonken fan Fergilius syn Lânwurk en fral ek fan 'e Ilias en de Odyssee. Yn 2007 waard oan Bruinsma ek noch in Sulveren Anjer útrikt fanwegen syn ynset foar de Fryske taal en kultuer.

Wurk (ûnfolsleine opsomming)

Wurken mei de jiertallen tusken rjochte heakken binne wierskynlik (noch) net útjûn (mar wol yn te sjen by Tresoar).

Fryske Oersettings

De Fryske oersetting fan 'e Ilias, troch Klaas Bruinsma.
De Fryske oersetting fan 'e Odyssee, troch Klaas Bruinsma.
De Fryske oersetting fan 'e Batrachomyomachia, troch Klaas Bruinsma.
De Fryske oersetting fan 'e Argonautica, troch Klaas Bruinsma.
De (fragmintaryske) Fryske oersetting fan 'e Historia Ecclesiastica Gentis Anglorum, troch Klaas Bruinsma.
De Fryske oersetting fan 'e Georgica, troch Klaas Bruinsma.
De Fryske oersetting fan 'e Vita Bonifatii, troch Klaas Bruinsma.
De Fryske oersetting fan 'e Metamorphoses, troch Klaas Bruinsma.
De Fryske oersetting fan Floris ende Blancefloer, troch Klaas Bruinsma.
De Fryske oersettings fan Mariken van Nieumeghen en fan Elckerlijc (publisearre yn ien bân), troch Klaas Bruinsma.
De Fryske oersetting fan De Roman van Walewein, troch Klaas Bruinsma.
De Fryske oersetting fan Ferguut, troch Klaas Bruinsma.
De Fryske oersetting fan Moriaen, troch Klaas Bruinsma.
De Fryske oersetting fan Van Sente Brandane, troch Klaas Bruinsma, útbrocht yn ien bân mei trije oare teksten oer Sint Brandaan yn oersetting fan Eibert van der Veen.
De Fryske oersetting fan Veinte Poemas de Amor y Una Canción Desesperada, troch Klaas Bruinsma.
De Fryske oersettings fan in ferskaat oan Spaansktalige gedichten troch Klaas Bruinsma, gearbrocht yn 'e bondel Blomlêzing út 'e Spaanske Poëzij.

Ut it Dútsk

Ut it Frânsk

Ut it Midfrysk

Ut it Aldgryksk

Ut it Gryksk

Ut it Aldingelsk

Ut it Midingelsk

Ut it Ingelsk

Ut it Latyn

Ut it Midnederlânsk

Ut it Nederlânsk

Ut it Russysk

Ut it Skotsk

Ut it Spaansk

Oare oersettings

Ut it Midfrysk nei it Dútsk

Ut it Midfrysk nei it Frânsk

Ut it Midfrysk nei it Ingelsk

Ut it Midfrysk nei it Latyn

Ut it Midfrysk nei it Nederlânsk

Ut it Frysk nei it Dútsk

Ut it Frysk nei it Ingelsk

Ut it Frysk nei it Nederlânsk

Ut it Frysk nei it Spaansk

Ut it Nederlânsk nei it Dútsk

Ut it Nederlânsk nei it Frysk

Ut it Nederlânsk nei it Ingelsk

Oar wurk

Oarspronklike poëzij

Njonken syn wurk as oersetter is Bruinsma ek aktyf as dichter fan oarspronklike poëzij yn it Frysk, almeast fan religieus aard of yn 'e foarm fan gelegenheidsfersen, dat er troch de jierren hinne stikje by bytsje yn in ferskaat oan kranten en tydskriften publisearre hat. Hjirûnder in opsomming dy't nei alle gedachten net folslein is. (N.B.: it is net alhiel ûnmooglik dat hjir noch ferdwaalde oersettings tusken sitte; de boarne, it digitale argyf fan Tresoar, is dêr net altyd like dúdlik oer.)

Non-fiksje

Fierdersoan is Bruinsma ek de auteur fan in ferskaat oan non-fiksjestikken, wêrmei't er gauris by wize fan ynlieding syn ljocht skine lit oer de teksten dy't er oerset hat. Mar ek hat er wol opinystikken, resinsjes en artikels skreaun foar de Ljouwerter Krante, it Frysk Deiblêd, de regionale hûs-oan-hûsblêden en Frysktalige tydskriften. Hjirûnder in opsomming dy't nei alle gedachten net folslein is.

Oar

Prizen

Jier Priis Kategory Foar
1993 dr. Obe Postmapriis bêste oersetting Sofoklês: Trije Trageedzjes (Filoktêtês / Kening Oidipoes / Oidipoes yn Kolonos)
1993 Kultuerpriis fan Gaasterlân-Sleat n.f.t. fertsjinsten foar it behâld fan de Fryske taal
2005 dr. Obe Postmapriis bêste oersetting oersettings fan it Midfrysk nei modern Frysk yn it tinkboek fan Gysbert Japix (Gysbert Japix: Een Keuze uit Zijn Werk)
oersetting út it Latyn nei it Frysk fan Lânwurk fan Fergilius
oersetting út it Aldgryksk nei it Frysk fan 'e Ilias en de Odyssee fan Homêros
2007 Sulveren Anjer n.f.t. ynset foar de Fryske taal en kultuer

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 Stjerberjocht fan Klaas Bruinsma, yn: de Ljouwerter Krante, 31 oktober 2018, s. 44.
  2. Vries, Sietse de, Lêzen wurdt foar de happy few, yn: de Ljouwerter Krante, 6 july 2018, bylage Freed, s. 8-9.
  3. 3,0 3,1 Vries, Sietse de, In Memoriam: In serieuze taal kin net sûnder eigen Homêros, yn: de Ljouwerter Krante, 31 oktober 2018, s. 34.
  4. LC 29 jann. 1958